Bern meitsje in ferlanglist foar de nije boargemaster

05 nov 2015 - 22:56

De bern út de gemeente De Fryske Marren meie sizze wat de nije boargemaster Fred Veenstra feroarje moat. Bern dy't op de basisskoalle sitte meie in brief skriuwe oan de nije boargemaster. De bêste brieven wurde bondele en oan Veenstra oanbean.

Bern dy't nei it fuortset ûnderwiis geane, meie in gedicht foar him skriuwe, en de skriuwer fan it bêste gedicht krijt in taart foar de hiele klasse. De boargemaster bringt de taart persoanlik del. De winnende skriuwer mei it gedicht by de ynstallaasje fan Veenstra foarlêze. Dat is op 1 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)