Jirnsum siket help Twadde Keamer by oankeap hierhuzen

05 nov 2015 - 19:42
  • Jirnsum wol de 25 huzen fan Elkien graach oernimme

De doarpskoöperaasje fan Jirnsum hat de Twadde Keamer ynskeakele om te berikken dat se de 25 hierhuzen fan wenningkorporaasje Elkien keapje kinne. Al oardel jier stride de Jirnsumers hjirfoar.

Wenningkorporaasje Elkien wol fan de huzen ôf, mar kin gjin keaper fine. De koöperaasje fan it doarp wol de huzen oernimme en dan opnij ferhiere, mar nije regels meitsje dat folle djoerder. Dy nije regels binne ynsteld nei de grutte problemen by de wenningkorporaasjes yn de ôfrûne jierren. It doarp hat de saak no foarlein oan Twadde Keamerleden.

Under oare Lutz Jacobi en Aukje de Vries hawwe fragen steld oan minister Blok oer dizze kwestje. Neffens it doarp en de keamerleden driget it plattelân it slachtoffer te wurden fan regels dy't it meast fan tapassing binne yn de rânestêd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)