Himpkweker moat 387.000 euro boete betelje

05 nov 2015 - 16:24
  • Himpkwekerij

In 38-jierige man út Drachten moat 387.000 euro oermeitsje nei de steat. Dat hat de rjochter yn Grins besletten. De man hie it jild fertsjinne mei de kweek fan himp. Hy moat ek in wurkstraf fan 120 oeren dwaan. En as hy binnen trije jier deselde oertreding makket, giet hy ek nochris de sel yn.

De himpkwekerij waard yn septimber 2014 yn syn hûs yn Drachten fûn, omdat syn mem twa meldings dien hie oer koartsluting. Sy wist lykwols net dat der in himpkwekerij yn it hûs siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)