"Molkprizen gean wer omheech"

05 nov 2015 - 15:38

Der komt stadichoan in ein oan de lege molkpriis, sa seit saakkundige Martin Eising fan de Rabobank. Der wurdt no sa'n 30 sint de kilo betelle en dat hat sels 27 eurosint west. In djiptepunt yn de molkpriis.

Ferline jier krigen melkfeehâlders in rekôrbedrach fan mear as 40 eurosint de kilo, mar dat duorre net hiel lang. De bank ferwachtet dat it djiptepunt no foarby is. Dat komt benammen trochdat de Sineeske merk wer wat oanlûke sil en omdat der minder molke produsearre is yn oare parten fan de wrâld troch min waar.

Trefwurden: 
molkpriis Martin Eising
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)