Frustraasje Kollumer brânwacht

10 apr 2012 - 12:41

By de brânwacht fan Kollum is grutte frustraasje ûntstien oer de gong fan saken by it blussen fan de mûnebrân yn Boerum. Yn earste ynstânsje waard Gryptsjerk oproppen en dat is logysk sizze se yn Kollum. Mar nei it teken 'middelbrân' moast de frijwillige brânwacht fan Zoutkamp komme en net it brânwachtkorps fan Kollum.

Dat hat ta heftige reaksjes en emoasjes laat by de Kollumer brânwacht. Sa bot sels dat der woansdei oerlis is mei de boargemaster en sekeretaris oer de gong fan saken.

Achterlizzende gedachte is de nije yndieling fan de feilichheidsregio's wêrtroch't brânwachtkorspen no en dan yn elkoars gebiet ynset wurde en dat liedt wolris ta spanningen.

Trefwurden: 
Kollum brânwacht mûne
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)