Hegebeintum wol in grutter besikerssintrum

05 nov 2015 - 13:23
  • De terp fan Hegebeintum lûkt in heap besikers
  • De tsjerke fan Hegebeintum
  • De wurksumheden oan de toer fan de tsjerke lûkt in soad besikers
  • It besikerssintrum fan Hegebeintum

Der moat sa gau as mooglik in grutter besikerssintrum komme by de terp yn Hegebeintum. It hjoeddeistige sintrum kin de groei fan belangstellenden yn 'e takomst net oan.

Foar it earst yn jierren nimt it tal besikers fan de terp wer ta. Dat komt benammen troch it wurk oan de toer. Dat lûkt tûzenen ekstra minsken nei Hegebeintum, sa seit foarsitter Rits van der Ploeg van de Stichting Terp Hegebeintum.

De stifting wol de groei fêsthâlde, mar dat kin allinne as der ynvestearre wurdt yn fergrutting en fernijing fan it bessikerssintrum. Dêrfoar hat Van der Ploeg hegeskoalle NHL yn Ljouwert benadere. Mooglik dat studinten in rol spylje kinne yn it opsetten fan it nije besikerssintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)