CDA wol dúdlikheid oer dongferwurking

05 nov 2015 - 12:39

De CDA-steatefraksje wol fan deputearre steaten witte hoe as sy omgean mei dongfergisters of oare wizen fan dongferwurking. Lanlik is de regeljouwing oanskerpe as it giet om hoefolle dong troch in melkfeehâldersbedriuw produsearre wurde mei. Dêrtroch rinne guon boeren tsjin grinzen oan as se groeie wolle.

Ien oplossing is dan it ferwurkjen fan dy dong. De nije dongregels gean 1 jannewaris takom jier yn, en eins fynt it CDA dat de provinsje gau mei de agraryske sektor om tafel moat om dit soarte fan oplossings mooglik te meitsjen.

Trefwurden: 
dong CDA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)