Afgaanske famylje moat fuort

10 apr 2012 - 12:00

De Afgaanske famylje Samadi út Akkrum moat dochs út it doarp wei. Woansdei al wurdt it gesin mei twa jonkjes fan 4 en 5 jier nei it útsetsintrum yn Katwyk brocht. Dêr moatte se de fierdere proseduere ôfwachtsje. De broerkes Samadi binne berne yn Nederlân. De âlders wenje alve jier yn ús lân en binne útprosedearre.

De skoalle fan de beide jonkjes hat wakker aksjefierd om derfoar te soargjen dat de famylje yn Akkrum bliuwe koe. Der waard ûnder oare in sponsorrin holden om jild by elkoar te bringen foar in nije proseduere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)