Ierappeldagen De Jouwer lûkt ynternasjonaal publyk

05 nov 2015 - 11:58
  • Ierappels by de HZPC-ierappeldagen op De Jouwer
  • In ierappelgerjocht, makke fan HZPC-ierappels

Ronaldo, Challenger en Annabella. Samar wat nammen fan ierappelsoarten dêr't tongersdei en freed in ynternasjonaal publyk op ôf komt. Dizze dagen wurde op De Jouwer de HZPC-ierappeldagen hâlden. Minsken út 55 ferskillende lannen komme nei HZPC op De Jouwer om de nijste soarten ierappels te besjen en te priuwen.

De ierappels fan HZPC binne wichtich foar de Fryske eksport, sa seit Martin Jansen Klomp fan HZPC. Fryslân eksportearret poaters nei bygelyks Finlân, Algerije en Frankryk.

Restaurant De Jouster Toer sil op de HZPC-dagen allegear gerjochten presintearje mei ierappels. Sy wurkje gear mei HZPC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)