Laptop-dief oanhâlden foar heling en ynbraak

05 nov 2015 - 10:26

In 27-jierige Ljouwerter is tongersei yn syn wente oanhâlden foar heling en wenningynbraak. De man hie ein oktober in laptop oanbean oan in bedriuw. Op de webside stopheling.nl stie dizze laptop lykwols registeard as stellen.

De plysje waard ynljochte oer de laptop en die ûndersyk nei de saak. It die bliken dat de laptop op 22 septimber stellen wie by in wenningynbraak yn Ljouwert. It wenningynbraketeam fan de plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
wenningynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)