Plysje praat mei jeugd Boerum

10 apr 2012 - 11:17

De plysje sil noch mei 5 oant 10 jongeren út Boerum prate oer har belutsenens by it ôfbrânen fan de histoaryske mole yn it doarp. Dat seit plysjewurdfierder Ferdinand Nauta. De twa jonges fan 12 en 14 jier dy't moandei oppakt binne, makken diel út fan it groepke dat sneintejûn mei fjoerwurk dwaande wie yn Boerum.

De plysje fûn moandei fjoerpylken yn de resten fan de mole, mar wol noch net sizze oft de beide jonges bekend hawwe. De plysje wol earst prate mei de rest fan it groepke.

Plysjewurdfierder Nauta befêstiget wol dat yn de papierkontener njonken de tsjerke ferbrânde bibels of psalmboeken fûn binne. De tsjerke stiet flak njonken de ferbrânde mole. Ek dat sil de plysje neier ûndersykje.

Trefwurden: 
Boerum mole
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)