Unfeilige situaasjes op PM-kanaal troch tichte mist

05 nov 2015 - 08:13

Rykswettersteat is skrokken fan it oantal boaten dat mei tichte mist it Prinses Margrietkanaal opgiet sûnder goedkarde radar en marifoan. Soks smyt gefaarlike situaasjes op en dêrom ropt de organisaasje de boatsjeminsken op om feilich te farren of de boat lizze te litten as it sicht minder as tûzen meter is.

Der is begjin dizze wike kontrolearre op it Prinses Margrietkanaal en dêrby binne ferskate rekreaasjeskippers op 'e bon slingere. Dêrút die bliken dat in soad net wisten dat radar en marifoan ferplicht binne by tichte mist.

Trefwurden: 
Rykswettersteat mist
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)