Bewenners moatte kap fan siikmeitsjende beammen sels betelje

04 nov 2015 - 21:27

De riedsfraksje fan Weststellingwerfs Belang wol dat de gemeente 36 elzen oan de Grote Kamp yn Aldeholtpea kapt. De gemeente Weststellingwerf liket dat net fan plan. Dy wol de beammen der wol wei hawwe, mar dan moatte de bewenners de kosten fan 9000 euro wol sels betelje.

Yn de strjitte binne ea krusings fan Japanske en Kaukasyske elzen plante, mei as gefolch dat buertbewenners lêst krije fan allergyske klachten. Undersyk troch de GGD Fryslân hat earder dit jier útwiisd dat de beammen minsken yndied siik meitsje kinne.

Fraksjefoarsitter Hans de Vries fan Weststellingwerfs Belang wol dat de gemeente de beammen delhellet en de kosten dêrfan betellet. Yn de riedsgearkomste fan nije wike moandei wol de partij mei in moasje it kolleezjefoarstel fan tafel sjen te krijen.

Wethouder Jack Jongebloed giet oer it iepenbier grien, mar wol oant de riedsgearkomste west hat gjin reaksje jaan oer it 'elzen-skeel'.

Trefwurden: 
els beam allergy GGD Aldeholtpea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)