Teaterstik oer Jopie Huisman foar âldereintehuzen

04 nov 2015 - 20:29

As de minsken net nei it teater komme, moat it teater mar nei de minsken ta. Dat sei regisseur Pieter Stellingwerf, dy't mei Kees Botman in teaterstik oer Jopie Huisman bewurke hat foar de Fryske âldereintehuzen. Earder dit jier waard de foarstelling spile yn Warkum.

Fan woansdei ôf giet de bewurke edysje op toernee by ferskate Fryske wensoarchynstellings del, omdat minsken út it publyk sein hienen hoe skande se it fûnen dat har heit en mem it net sjen koenen. Dy koene net mear nei it teater ta komme.

It ferhaal oer Jopie is mear as allinnich in teaterfoarstelling. Der sit ek in keunsteksposysje oan fêst yn gearwurking mei it Jopie Huismanmuseum. En foarôfgeand oan de foarstelling krije minsken it miel dat Jopie Huisman it leafste iet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)