Brânstifting yn bestelbus

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei brânstifting yn in bestelbus yn Harns. Dy stie parkearre oan it Scheffersplein en rekke yn de nacht fan snein op moandei flink skansearre. Omdat de brânende bus tsjin in tal parkearre auto's rôle ûntstie der noch mear skea.
Neffens tsjûgen wie foar de brân in knal te hearren en draafden twa jonges fuort. De plysje is noch op syk nei har.