Ynstruminten frege foar flechtlingen yn WTC yn Ljouwert

04 nov 2015 - 18:26

Muzyk kommende freed foar en mei flechtlingen yn Ljouwert. Trije frijwilligers sille optrede by de opfang yn it WTC. It is de bedoeling dat de flechtlingen sels ek meispylje. Alteast, as der genôch ynstruminten binne. Want dêr kinne se noch wol in pear fan brûke, seit Sieta Adema fan wewillenwatdoen.nl.

Op de webside wewillenwatdoen.nl stiet wêr't de flechtlingen ferlet fan hawwe. Minsken kinne ek oanjaan wat se sels te bieden hawwe.

Der binne oant no ta 500 oanmeldings fan minsken dy't wat foar de flechtlingen dwaan wolle, mar lang net alles wat oanbean wurdt, kin brûkt wurde.

"In protte frijwilligers hawwe harren opjûn foar aktiviteiten dêr't gjin fraach nei is," seit frou Adema, "Soms binne der hiele skoalklassen dy't oanbiede om mei de minsken yn it WTC te praten, mar dat is foar de minsken dêr faaks te drok. Se wenje dêr no."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)