Rabobank: "Wurkgelegenheid en produksje sille tanimme"

04 nov 2015 - 17:51

De wurkgelegenheid en de produksje sil takom jier nei alle gedachten tanimme. Dat skriuwe ekonomen fan de Rabobank yn de Rabobank Prognose 2016. De ferwachting is dat de produksje yn Noard- en Súdwest-Fryslân tusken de 2,3 en 2,5% tanimt en yn Súdeast-Fryslân tusken de 2,5 en 2,7%. De wurkgelegenheid sil yn Fryslân mei 0,8 oant 1,3% tanimme, benammen troch de groei fan de bousektor.

De noardlike provinsjes dogge it it minst yn de prognoaze. De grutste groei wurdt ferwachte yn de Rânestêd.

De Rabobank makket al jierren sa'n foarsizzing. Dochs docht yn de ôfrûne tweintich jier bliken dat Noard- en Súdwest-Fryslân faak achterbliuwe by de ferwachtings. En Súdeast-Fryslân docht it faak better as de ferwachtings fan de Rabobank.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)