Plysje leit fuotsjes del as warskôging tsjin ynbrekkerij

04 nov 2015 - 15:54
  • Boargemaster Waanders mei de plysje op 'en paad mei 'fuotsjes' tsjin ynbrekkerij

Ynbrekkers kinne by in soad huzen yn Dokkum maklik harren slach slaan. Alteast, dat die bliken by in aksje yn de stêd. Plysjeminsken en gemeente-amtners giene op 'en paad om te sjen oft huzen en hokken wol op slot sieten. As se der maklik yn komme koene, lieten se in briefke lizze yn de foarm fan in foet, in saneamde 'fuotsje'.

Op it fuotsje stiet 'Dizze fuotprint hie fan in ynslûper wêze kinnen'. Sa moatte de bewenners wiisd wurde op it risiko fan stellerij. As se thús wiene, krigen se in persoanlike taljochting.

De 'fuotsjesaksje' tsjin ynbrekkerij yn Dokkum wie foar de tredde kear. Wat dizze kear nij is, is dat op de briefkes net allinnich in Nederlânske tekst, mar ek in Fryske stiet.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)