Man mei mes oppakt

10 apr 2012 - 10:25

De plysje hat moandei op de Tunen yn Ljouwert in 30-jierrige ynwenner fan de stêd oppakt. Dy waard troch foarbygongers sjoen mei in grut mes. Se skeakelen dêrop de plysje yn. Dy seach de man in winkel oan de Tunen yngean en hat him dêr oanhâlden. Dêrby rekke de man ferwûne oan syn hân.

De man moast behannele wurde yn it sikehûs. Dêrnei is er fêstset op it buro. It mes is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)