Gersdroegerij draait op folle krêft troch it moaie waar

04 nov 2015 - 13:55

Troch it moaie waar draait de gersdroegerij op De Pein op it stuit 24 oeren deis. Yn oktober waard efkes tocht dat de ein fan it seizoen yn sicht wie, mar bedriuwslieder Ineke Wiegersma sprekt no fan in echte einsprint.

Troch it relatyf droege waar kinne boeren no it lân noch op. Boppedat is der op guon plakken noch bêst in goeie sneed gers ôf te heljen. Neffens Wiegersma is de kwaliteit fan it gers goed. Gewoanwei wurdt 1 novimber ûngefear oanhâlden as datum dêr't de droegerij op ophâldt.

It gers komt net allinnich út de omjouwing fan De Pein, mar ek út Gaasterlân en Harns.

Trefwurden: 
gersdroegerij De Pein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)