Tryater spilet ekstra foarstellingen fan jubileumstik Grûn

04 nov 2015 - 12:58
  • In repetysje fan 'Grûn'

Der komme ein maaie ekstra foarstellingen fan Grûn fan Tryater. Hjirmei fiert de toanielgroep syn 50-jierrich bestean. Hast 7000 minsken sjogge dizze dagen de foarstelling yn De Lawei yn Drachten.

De fjouwer oeren duorjende foarstelling mei sechtjin spilers is dêrmei útferkocht. Fanwege de grutte belangstelling hat Tryater besletten om ekstra foarstellingen te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)