Fakbûn FNV sleept taksybedriuw Klomp foar de rjochter

04 nov 2015 - 12:19

It fakbûn FNV Taxi hat Klomp groepsferfier foar de rjochter sleept. Neffens it fakbûn hâldt it bedriuw, dat yn Fryslân it ferfier foar soarchgroep Alliade op It Hearrenfean fersoarget, him net oan de CAO-ôfspraken. It fakbûn slút aksjes en stakingen troch meiwurkers net út.

Dy soene mar de helte fan it taseine salaris krije, wêrtroch in soad minsken yn finansjele problemen komme. It koart pleit tsjinnet op 18 novimber. It fakbûn en it bedriuw hawwe al langer in skeel oer de arbeidsomstannichheden by Klomp.

FNV drige earder mei in koart pleit, mar luts dat doe yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)