Natuerparken moatte Drintsk-Fryske grinsstreek ympuls jaan

04 nov 2015 - 11:05
  • De sinne komt op boppe it Drents-Friese Wold

De grinsstreek fan Fryslân en Drinte moat in ekonomyske ympuls krije. Benammen de natuerparken kinne dêrfoar soargje. Dat fynt de stjoergroep yn dy regio dy't him dêr de kommende tiid foar ynsette sil. De stjoergroep organisearre tiisdeitejûn in gearkomste om mei belutsenen yn it grinsgebiet yn petear te gean oer de takomst fan de regio.

Der wiene ynwenners, ûndernimmers, bestjoerders en boeren. Utkomst fan de gearkomste wie ûnder oaren dat der mear gearwurke wurde moat troch de belutsenen.

Ek moat der better ynspile wurde op de winsken fan de toeristen dy't de regio besykje. De stjoergroep sil de ideeën út de gearkomste ferwurkje en de provinsje fan advys foarsjen, sadat dy de regio better yn de merk sette kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)