Lauwersmargebiet hat dit jier folle mear lytse swannen

04 nov 2015 - 10:26
  • Lauwersmar

Der sitte dit jier folle mear lytse swannen yn it Lauwersmargebiet as ferline jier. Dat hat te krijen mei geunstige omstannichheden foar dizze fûgels. Sa is der yn de Lauwersmar in soad fonteinkrûd (bearzerûch). Dêr binne de lytse swannen sljocht op.

Ek is it wetterpeil leech. Dêrtroch kinne de swannen goed by de plantsjes komme. De fûgels komme hjir alle jierren fanút Siberië om te oerwinterjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)