Grutte plysje-ynset by rjochtbank foar saak Tsjûkemarmoard

04 nov 2015 - 09:05

Der is woansdeitemoarn in grutte plysjemacht by de rjochtbank yn Ljouwert. Reden is de behanneling fan de Tsjûkemarmoard. Ien fan de fertochten yn dizze saak, in 19-jierrige jonge út Amsterdam, is ferline wike besketten. Hy rekke dêrby ferwûne.

Om't net dúdlik is wat de oanlieding fan de sjitpartij west hat, is der woansdei ekstra plysje by de rjochtbank. De jonge út Amsterdam moat middeis foarkomme.

Hy soe tegearre mei syn heit yn 2013 it slachtoffer Omar Kourrich om it libben brocht hawwe. Syn lichem is dêrnei by de Tsjûkemar yn de brân stutsen. De heit fan de Amsterdammer is ferline jier ferstoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)