Temawike oer sûn ite en sport by PJ !mpulse yn Kollum

03 nov 2015 - 17:44

Bern binne kreativer as se sels tinke. Dêrom hat Piter Jelles !mpulse yn Kollum in spesjale temawike betocht. De learlingen krigen dizze wike de opdracht om sels wat te meitsjen dat te krijen hat mei sûn iten of sporten. Sadwaande hawwe sy in eigen fitnessapparaat makke en hawwe de learlingen sels itensean.

De skoalle organisearret soksoarte wiken in pear kear yn 't jier omdat se fine dat learlingen ek les krije moatte yn oare ûnderwerpen as Nederlânsk, ekonomy en wiskunde. De learlingen giene yn entûsjast mei de eigen ideeën oan de slach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)