Fjouwer busbedriuwen yn de race foar Súdeast-Fryslân

03 nov 2015 - 17:28

Fjouwer ferfierders wolle it busferfier fersoargje yn Súdeast-Fryslân en op de eilannen Flylân, Skylge en It Amelân. Arriva, Connexxion, EBS en Qbuzz hawwe tiisdei har offerte by de provinsje ynlevere. De provinsje sil ûndersykje hokker bedriuw it bêste ferfier tsjin de skerpste priis biedt en ien ferfierder útkieze.

It bedriuw dat keazen wurdt, sil fan 2016 of 2017 ôf it busferfier yn de ferskate gemeenten útfiere. De provinsje nimt yn desimber in beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)