Spesjalist Dijkstra: "Búkwandtransplantaasje kin wol faker"

03 nov 2015 - 17:23

De slagge búkwandtransplantaasje fan Friezinne Taetske Linting iepenet mooglik de doarren foar mear pasjinten. Dat ferwachtet heechlearaar Gerard Dijkstra fan it UMCG yn Grins. It sikehûs hat de operaasje in healjier lyn útfierd, mar makke it nijs tiisdei bekend. De 25-jierrige pasjinte hat de sykte fan Crohn. Dêrtroch moasten inkelde jierren lyn har terms ferwidere wurde.

De frou koe dêrtroch net mear gewoan ite. Neffens Dijkstra, fan oarsprong fan Damwâld, en no spesjalist yn Grins, makket syn pasjinte it goed.

De pasjinte hat gjin inkelde slang mear yn it liif. Sy is no net mear ôfhinklik fan medyske soarch en kin har eigen leven wer oppakke. It wie foar it earst dat sa'n operaasje yn Nederlân útfierd waard. Dat makke it spannend foar it medysk team. Neffens Dykstra is it echt in trochbraak en biedt dat mear groanyske Crohn-pasjinten perspektyf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)