Replika Willem Barentsz is no oan de mêst ta

03 nov 2015 - 17:01
  • De mêst fan de Willem Barentsz

De replika fan de Willem Barentsz moat yn 2018 klear wêze foar de start fan de Kulturele Haadstêd, sadat it histoaryske skip dat jier prominint Ljouwert binnenfarre kin. Dat seit projektlieder Gerald de Weert. Tiisdei wie wer in bysûnder momint yn it bouproses by houtseagerij Faber yn Harns. Dêr waard in beamstam op maat seage foar de grutte mêst fan de Willem Barentsz.

Frijwilligers binne al sa'n fiif jier dwaande it 16e ieuske skip sa autentyk mooglik nei te bouwen. Mei it wurkjen oan de mêst wurdt wer in moaie stap foarút set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)