De Friese Wouden biedt nij digitaal doarslot oan

03 nov 2015 - 14:46

Kliïnten fan thússoarchorganisaasje De Friese Wouden kinne better de húskaaien net mear yn in spesjaal klûske dwaan. Dat riedt de organisaasje de minsken oan, no't der alwer twa kear ynbrutsen is by kliïnten. De ynbrekkers koene deryn komme troch sa'n kaaikastke iepen te brekken. De Friese Wouden komt ynkoarten mei in nij systeem, wêrmei't meiwurkers fan de thússoarch deryn komme kinne mei in app op de mobile telefoan.

Salang't it nije systeem der noch net is, kinne kliïnten better ôfspraken meitsje mei de minsken fan de thússoarch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)