Twa jonges oanhâlden yn Boerum

09 apr 2012 - 17:12

De plysje hat moandeitemiddei twa jonges út Boerum fan 12 en 14 âld oanhâlden omdat se mooglik belutsen binne by de brân fan 'e histoaryske mûne yn it doarp. De 225 jier âlde Windlust brânde sneintenacht folslein ôf. In groepke jeugd hie sneintejûn yn it doarp fjoerwurk ôfstutsen. By de mûne binne fjoerpylken fûn.

Yn it doarp is ferslein reagearre op it nijs fan de ôfbaarnde mûne. Der binne no al wer plannen om de histoaryske mûne op 'e nij op te bouwen.

Trefwurden: 
oanhâlden brân Boerum jonges
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)