Bedriuwsûngelok yn Grou

09 apr 2012 - 15:55
  • Traumahelikopter

By in ûngelok op it terrein fan jachtbetimmeringsbedriuw WI-JA oan de Oedsmawei yn Grou is peaskemoandei in man fan It Hearrenfean (40) ferwûne rekke. De man foel troch noch ûnbekende oarsaak fjouwer meter nei ûnderen. In mobyl medysk team wie mei de traumahely gau op it plak fan it ûngelok en hat it slachtoffer earste help ferliend.

De man is mei ferwûnings oan 'e holle nei it MCL yn Ljouwert brocht. De oarsaak fan it ûngelok wurdt noch ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)