Peaskespektakel yn Tytsjerk
Yn park Groot Vijversburg yn Tytsjerk is moandei in grut peaskespektakel organisearre. Besikers koene aaien sykje, meidwaan oan spultsjes en genietsje fan muzyk en oare aktiviteiten. De opbringst fan de dei is foar in sportwike foar kânsearme jongeren.
De Lionsclub organisearre it peaske-evenemint no foar it fjirde jier.