Slagge 21e edysje Jupiter Cup

09 apr 2012 - 14:45

De 21e edysje fan de Jupiter Cup is by de manlju wûn troch hânbalferiening VZV út it Noardhollânske 't Veld. By de froulju gie de titel nei de Frânske hânbalploech Merignac. By de junioaren A wie der sukses foar de froulju fan hânbalferiening Verburch. By de manlju gie de titel nei it Dútske Oberer Neckar.

It twadaagse hânbaltoernoai, organisearre troch hânbalferiening Jupiter '76 út Frjentsjer, mocht wer in grut tal bûtenlânske gasten ferwolkomje, ûnder oare út Dútslân, Denemarken, Frankryk en Switserlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)