Ynbrekkers rôvje kompjûters

09 apr 2012 - 14:05

Der is op ferskate plakken yn Fryslân ynbrutsen yn it peaskewykein. Hast oeral namen de ynbrekkers kompjûters mei. Dat wie it gefal op De Jouwer, op De Lemmer en yn Oranjewâld. Op De Lemmer namen de dieven sels twa kompjûters mei.

By noch in oare ynbraak op De Jouwer waard in tillevyzje meinommen. De dieven fernielden yn dy plakken in rút of in doar om yn 'e hûs te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)