Grutte Fryske ynbring yn achterfolgingsploegen

03 nov 2015 - 12:27
  • De ploech mei Marrit Leenstra, Carlijn Achtereekte en Linda de Vries

Bûnscoach Geert Kuiper hat tiisdei syn foarseleksje bekend makke foar de massastart en de ploege-achterfolging foar de earste wrâldbekerwedstriden. De Fryske ynbring foar de ploege-achterfolging kin komme fan Marrit Leenstra en Antoinette de Jong by de froulju en Sven Kramer, Arjan Stroetinga en Douwe de Vries by de manlju. De oare riders binne Wouter olde Heuvel, Jan Blokhuijsen, Marije Joling en Linda de Vries.

By de massastart meitsje Stroetinga, Bergsma, Manon Kamminga en Carien Kleibeuker as Friezen in kâns op in startplak.

De massastart stiet op it programma by de wrâldbekerwedstriden fan Calgary, Salt Lake City, Inzell en It Hearrenfean. De ploege-achterfolging wurdt net yn Salt Lake City ferriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)