Himpkwekerij oprôle yn eardere suvelfabryk yn Elslo

03 nov 2015 - 10:59

De plysje hat tiisdeitemoarn in himpkwekerij oprôle yn it eardere suvelfabryk yn Elslo. Neffens de plysje stienen der ûngefear 9500 planten. Der binne fiif fertochten oppakt, fjouwer manlju en ien frou. Ek binne der trije auto's yn beslag naam. De plysje kaam de kwekerij op it spoar nei in tip. Nei oanlieding fan dy tip binne gegevens oer it stroomferbrûk opfrege. Dat wie sa heech dat de plysje tiisdei in ynfal dien hat.

De fertochten binne in 27-jierrige man út Boyl, in 25-jierrige frou út Noardwâlde, in 42-jierrige man út Nijmegen en twa manlju fan 22 en 25 sûnder fêst wenadres. De plysje slút oare arrestaasjes net út.

It suvelfabryk stiet al mear as tsien jier leech ta grutte argewaasje fan de bewenners fan Elslo. Pleatslik Belang hat in pear jier lyn in oprop dien by de gemeente om it gebou te slopen, mar dat hat gjin resultaat hân. It fabryk is no yn hannen fan in projektûntwikkelder út IJmuiden. Dy hat it ferhierd oan ferskate lytse ûndernimmers. Der binne noch gjin konkrete plannen foar it gebou.

Foar Aad Oudshoorn fan Pleatslik Belang komt de fynst fan de kwekerij as in ferrassing. Dochs fernuveret it him net. It fertutearze gebou is neffens him maklik tagonklik. Der stiet allinnich in simpel stek foar it terrein. De earste huzen steane op goed 50 meter fan it fabryk.

It is ek net de earste kear dat hjir drugs oantroffen binne. "Vlak voordat ik in Elsloo kwam wonen, nu acht jaar geleden, is er ook al een kwekerij opgerold. Het was toen heel professioneel opgezet allemaal", seit Oudshoorn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)