Hubertusdei sûnder Hubertusmis

03 nov 2015 - 10:53

Op 3 novimber is it Hubertusdei. Dy dei is de nammedei fan Hubertus, de patroanhillige fan de jagers. Op of om 3 novimber wurde rûnom yn it lân saneamde Hubertusmissen organisearre, wêrby't pastoars yn tsjerken de jachthûnen seinigje. Yn Fryslân waard dat ek jierrenlang dien, mar oan dy tradysje komt dit jier -foarearst- in ein.

De organisaasje koe net genôch minsken en jild byelkoar krije om de mis te organisearjen. Neffens Sjoerd Wiersma fan Fryske Oarder fan Hubertus hat it neat te krijen mei it imago fan de jacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)