Brommobyl útbaarnd by de Aldi yn Ljouwert

03 nov 2015 - 09:59
  • De brommobyl baarnde as in fakkel
  • Fan de brommobyl bleau neat oer

Op it parkearplak fan de Aldi oan de Snitsertrekwei yn Ljouwert is tiisdeitemoarn in brommobyl útbaarnd. Fan de auto wie neat mear oer. Tsjûgen seagen reek ûnder de motorkap weikommen en warskôgen de brânwacht. Doe't dy kaam, wie der lykwols al gjin rêden mear oan.

Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)