Kollum: "Sjongen skept in bân"

03 nov 2015 - 08:58
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Ja goeiemoarn, hoe is it no mei jimme? Fan herte wolkom by de radio! (Op de wize fan it Frysk folksliet)

Nee, gjin panyk, ik sil net de hiele kollum sjonge. Dat kin ik jim, en de eventueel oanwêzige hûnen mei harren gefoelige earen, net oandwaan. Mar toch is sjongen de bêste manier om fluch in sosjale bân op te bouwen, sa blykt út ûndersyk. Mei syn allen sjonge skept in bân, ien dy’t samar op freonskip útrint.

Dat is in bemoedigjende gedachte. Stel jim de Twadde Keamer foar, dy’t, foar’t se it oer de flechtlingeproblematyk of de ProRail gaos ha sille, mei syn allen in pear ferskes sjonge. Eventueel ûnder lieding fan Cor Bakker, de Pianist des Vaderlands. Popnûmers yn in spesjaal arranzjemint. Abba, Marco Borsato, Taylor Swift, datsoarte wurk. De kâns dat it debat in seker nivo fan beskaving hellet is dêrnei gâns grutter.

Mei-inoar sjonge kin dus in hiele protte problemen tefoaren komme èn oplosse. Tink oan buorrerûzjes. Dêr’t buorlju inoar oars troch de konifearen lûke om inoar mei de blêdblazer en de grûnboar om te seamjen, kinne se no tegearre sjonge. Zeg maar niets meer fan André Hazes, bygelyks. Drinke se dêrnei in bierke, ite se in broadsje knakwoarst en alle argewaasje is fan de baan. Famyljes dy’t útinoar lizze komme byinoar, sjonge wat fan de Sound of Music en kinne begjinne te wurkjen oan in bettere ferstânhâlding. Dêrmei begjint de weareld wol op in musical te lykjen, mar dat moatte wy der mar foar oer ha.

Wat mysels oangiet moat ik der ek oan leauwe. Ik sil deputearre Poepjes útnoegje moatte foar in duet. Om wat fan in sosjale bân op te bouwen. Want ik kin net oars sizze dan dat ik djip teloarsteld bin yn de wize wêrop’t se de penibele sitewaasje fan de Omrop oanpakt hat. Fan it momint ôf dat topdog Dekker begûn te blaffen, hat Poepjes my oan in hûntsje op in huoddeplank fan in auto tinken dien. In Wobbler. Sa’n ja-knik hûntsje mei grutte eagen. Net ien kear hat se de lippe oplutsen en gromke, de tosken sjen litten om Dekker dúdlik te meitsjen dat it de provinsje tinken is mei de selsstannigens fan Omrop Fryslân.

Fan dei ien ôf hat se akseptearre dat de Omrop opgean moat yn de RPO, en hat se troch sa te hanneljen de selsstannigens ferkwânsele. Wat rest binne ferlechjes, skamlappen. Lykas de Fryske bestjoerssit dy’t der yn de RPO komme moat. Yn in fariaasje op in útspraak fan Frederik van Eeden dy’t sei: ‘Uw vrijheid is een wassen neus, het staat u alleen vrij te verhongeren,’ sis ik: ‘Die Friese bestuurszetel is een wassen neus, het staat u alleen vrij te zitten.’ Mei oare wurden: it hat neat om ’e hakken, it is bakte lucht en kâlde drokte. Ferdraggen en hânfêsten binne likefolle wurdich as útspraken fan de NAM oer de oarsaak fan ierdbevings.

Mar goed, soms keare dingen ek samar wer. Poepjes hat juster in lêste petear mei Dekker hân, en wa wit wat dêr noch útkomt. Miskien dat ik oer in wike of wat in nûmer fan Brenda Lee sjonge moat: I’m sorry, so sorry. Foar no hâld ik it op;

Dit wie de kollum, oant safier foar hjoed, Oant takom wike, it giet jimme goed! (Noch hieltyd it Frysk folksliet)

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)