Friezinne krijt as earste nije terms en búkwand

03 nov 2015 - 08:47

De Friezinne Taetske Linting is de alderearste pasjint dy't yn Nederlân in búkwandtransplantaasje hân hat. It UMCG hat de operaasje in healjier lyn útfierd, mar makke it nijs tiisdei bekend. Dat die it sikehûs om't de grutste risiko's op ôfstjitting fan de nije búkwand no foarby binne. Linting krige ek nije terms.

Sy hat de sykte fan Crohn. Dêrtroch moasten inkele jierren lyn har terms ferwidere wurde. Se koe dêrtroch net mear gewoan ite en krige alles troch de sonde. Linting seit dat se har libben wer weromkrigen hat troch de operaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)