Plysje skriuwt wer bonnen

03 nov 2015 - 08:17

De plysje skriuwt fan tiisdei ôf wer gewoan boetes út, ek foar lytse oertredings. De ôfrûne njoggen moannen hat de plysje aksjes foar in bettere CAO hâlden. Ien dêrfan wie dat plysjeminsken foar lytse oertredings gjin boete joegen, mar in warskôging.

Doel fan de aksjes wie de ûnderhannelings oer de CAO wer op gong te helpen. Dat is moandeitejûn bard en dêrom sil de plysje foarearst wer gewoan oan it wurk. Knyppunten yn de ûnderhannelings binne de leansferheging, mar ek sekundêre betingsten lykas frije dagen, taslaggen en it pensjoen.

Trefwurden: 
plysje CAO-aksje bonnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)