KNMI warskôget opnij foar tichte mist

03 nov 2015 - 06:11

It KNMI hat tiisdeitemoarn opnij koade giel ôfjûn foar Fryslân yn ferbân mei tichte mist. Op guon plakken is it sicht minder as 200 meter. Benammen it ferkear kin in soad lêst hawwe fan de mist.

De warskôging jildt foar de hiele moarn. Nei alle gedachten komt de sinne der tiisdeitemiddei trochhinne en klearret it dan op.

Trefwurden: 
KNMI mist koade giel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)