Bestjoer wetterskip is it net iens mei wachtjildregeling

02 nov 2015 - 23:10

Wetterskip Fryslân moat syn bêst dwaan om twa âld-bestjoerders oan nij wurk te helpen. Dat is de winsk fan it algemien bestjoer fan it Wetterskip.

Yn de begrutting is in post fan 1 miljoen euro opnaam foar it beteljen fan wachtjild foar âld-bestjoerders Roel de Jong en Aaltsje Rispens. Sy wiene al foar 2010 aktyf as bestjoerder by it wetterskip en hawwe dêrom oant harren pensjoen rjocht op wachtjild. Hoewol't soks neffens alle regels is, is it tsjin it sin fan it algemien bestjoer.

It Wetterskip set no in headhuntersburo yn om beide âld-bestjoerders wer gau oan oar wurk te helpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)