"Marketing toerisme Noardeast-Fryslân kin better"

02 nov 2015 - 22:57

Der moat in slach makke wurde yn de marketing fan Noardeast-Fryslân. Dat wol stichting Regiomarketing en Toerisme. Dy set yn op de fiif streken yn it gebiet. It giet dan om Terpelân/Waadsee, Dokkum, Lauwersmar, Alde Feanen en de Noardlike Fryske Wâlden. De plannen dêrfoar waarden moandeitejûn presentearre.

De stichting is opset om de streek better op de kaart te setten no't de VVV's ferdwûn binne. De stichting hat allinnich lêst fan de problemen by Merk Fryslân. Dy funksjonearret net mear goed sûnt it opstappen fan direkteur Loek Hogenhout.

Stifting Regiomarketing en Toerisme giet troch mei de ynset op ien mienskiplike marketingorganisaasje. 'Minsken komme nei Fryslân, net spesifyk nei it noardeasten.' Om it gebiet no wol goed yn de merk te setten sil benammen ynset wurde op it brûken fan social media en it útnoegjen fan bloggers dy't skriuwe oer toerisme. Sa wurdt der kommend wykein foar de twadde kear in bloggers-event hâlden. Sa'n sechstjin bloggers ferbliuwe dan in oantal dagen yn Kollumerpomp yn de hope dat se op ynternet positive stikjes skriuwe oer it gebiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)