Kompensaasjejild Suderseespoar hat bou net foarút holpen

02 nov 2015 - 21:16

It jild dat it Noarden krigen hat foar it skrassen fan it Suderseespoar hat net laat ta in ympuls foar de bousektor. Der wie in groei fan 20 oant 30 persint ferwachte, mar dat is lang net útkaam. Dat seit Rolf Koops fan Bouwend Nederland. De omset yn de bou is sels minder wurden yn ferliking mei it trochsneedsifer. De oarsaak leit by gemeenten. Troch besunigings stekke se net folle jild yn ûnderhâld fan diken.

Koops is posityf oer de takomst. Der komme noch in pear grute projekten en gemeenten sille dochs in kear ta de bûse moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)