Manager moat ekonomy fan Beetstersweach ferbetterje

02 nov 2015 - 18:28

Beetstersweach hat sûnt moandei in eigen sintrummanager. Karin van Rijs sil it oansprekpunt wêze foar saken op ekonomysk mêd. Sy wurket foar winkellju, galaryhâlders en restauranthâlders. De gearwurking tusken harren moat better. Der bart no in soad, mar dan wurket elk meastentiids foar himsels. Troch ôfstimming en gearwurking is der in soad winst te heljen, ferwachtet Van Rijs.

Van Rijs is de tredde sintrummanager fan de gemeente Opsterlân. De Gordyk en Oerterp hawwe ek al sa'n manager.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)