Frou fan tas berôve yn de Insulindestrjitte yn Ljouwert

02 nov 2015 - 14:13
  • (foto-ympresje)

In ûnbekende man hat moandeitemiddei in 64-jierrige frou fan har tas berôve yn de Insulindestrjitte yn Ljouwert. De man is útnaaid op in fyts yn de rjochting fan de Archipelwei. De plysje hat fuortendaliks in boargernetaksje opstarten, mar de dieder is net mear fûn. It giet om in 'getinte' man fan sa'n 1 meter 75 lang. Hy is slank en hat in burdsje. Hy hat de turkoaize tas fan de frou by him.

It slachtoffer is troch bewenners fan de strjitte opfongen. Personiel fan in ambulânse hat har dêr ûndersocht op ferwûnings en behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)