Pieter Weening blessuerefrij
De knibbel fan Pieter Weening hâldt him goed. Weening wûn freed mei syn ploech GreenEdge it fjouwerdaagse Sirkwy de la Sarthe-Pays de la Loire. Weening fytste frij út en hie nei ôfrin gjin lêst fan syn knibbelblessuere.
De hurdfytser út de Harkema sil ek oan de start ferskine by de Ronde fan Romandië, fan 24 oant 29 april.