Van de Voort swimt wrâldrekôr op NK paralympysk

02 nov 2015 - 10:12
  • Olivier van de Voort

Paralympysk swimmer Olivier van de Voort út Elso hat it ôfrûne wykein in wrâldrekôr swommen op it NK yn Tilburg. Van de Voort die dat op de 200 meter rêchslach. Hy hie dêr 2.03.59 foar nedich en wie dêrmei hast fjouwer sekonden rapper as it âlde rekôr, dat er ek yn hannen hie.

Dêrneist swom Van de Voort ek noch in nij Europeesk rekôr op de 200 meter wikselslach (2.11.95) en in nasjonaal rekôr op de 100 meter wikselslach (1.01.12).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)